Pake syn wein komt wer ta libben yn nij neislachwurk

26 okt 2019 - 19:14

Op de oldtimerbeurs ClassicsNL yn it WTC Expo yn Ljouwert is sneon it boek 'Pake syn wein' presintearre. Yn it boek steane foto's en ferhalen oer motoaren, bromfytsen en auto's yn Fryslân yn de earste helte fan de tweintichste iuw. Ek waard in hiel fernijde webside oer dizze saneamde 'B-kentekens' lansearre.

Foar 1951 hiene alle provinsjes in eigen letter dêr't in kenteken mei begûn. Yn Fryslân wie dat de letter B. De kentekens wienen bûn oan de persoan en bleaune faak jierrenlang by ien eigener of famylje. Wannear't ien in nije auto kocht gie 'syn' nûmer oer fan de âlde op de nije auto.

Sûnt 2006 sammelet it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar foto's en ynformaasje oer dizze kentekens op de webside kentekens.tresoar.nl. Besikers kinne hjir ynformaasje fine oer kentekens dy't fan 1906 oant 1951 útjûn binne, mar it is ek mooglik om sels ynformaasje en ferhalen ta te heakjen. Fan dizze mooglikheid wurdt troch in soad minsken gebrûk makke en de kentekenwebside is dan ek ien fan de meast besochte websides fan Tresoar.

Alde ferhalen sprekke oan

Foar it boek 'Pake syn Wein' waard sjonger en autoleafhawwer Piter Wilkens frege in seleksje te meitsjen út de moaiste foto's mei ferhalen dy't de ôfrûne 12,5 jier binnenkommen binne op de webside. Foar it boek, in útjefte fan Uitgeverij Wijdemeer, wie op oldtimerbeurs ClassicsNL fuortendaliks in soad belangstelling. Guon leafhawwers kochten al foar de offisjele presintaasje in eksimplaar.

Foto: Omrop Fryslân

Piter Wilkens fertelt oer Pake syn wein

Nostalgy

Piter Wilkens wie der sels ek by en spile fansels ek syn liet mei deselde namme. "Ik wit net wat it is, mar it is in liet dêr't minsken harsels yn werkenne. It is fansels nostalgy." Wilkens joech foar syn offisjele optreden de eigen eagen ek goed de kost op ClassicsNL en stie neffens eigen sizzen ek 'yn ferlieding' om in 'âlde wein' te keapjen. "Mar ik doch it net, want ûnderhâld en ûnderdielen binne djoer en ik haw der de tiid ek net foar. Mar it bliuwt moai guod."

Tresoar is it hiele wykein mei in stand op de beurs fertsjintwurdige. De beurs is noch oant en mei snein. Sjoch foar alle iepeningstiden en ynformaasje oer tickets op www.wtcexpo.nl. It boek is it hiele wykein op de beurs te keap, en leit dêrnei yn de boekhannels.

(advertinsje)
(advertinsje)