Kramer docht earste testrace nei knibbelblessuere

Sven Kramer liket op tiid klear te wêzen foar de Nederlânske kwalifikaasjewedstriden foar de wrâldbeker takom wykein op It Hearrenfean. Hy ried sneon in testrace op de 3000 meter.
© Neeke Smit
Kramer rûn twa wiken lyn in knibbelblessuere op, doe't er oanriden waard troch in auto. It wie noch mar de fraach oft er fluch genôch herstelle koe om mei te dwaan oan de kwalifikaasjewedstriden.
Kramer kaam yn de testrace mei in tiid fan 3.40,69 oer de finish. In jier lyn ried er dizze ôfstân op Thialf yn in tiid fan 3.41,59. De Fries hâlde him nei de testrace op de flakte. "It wie net min, mar ek net supergoed. Gewoan stabyl foar in earste race. Ik ferwachtsje nei oanlieding fan dizze rit net al te soad feroaringen. Gewoanwei ryd ik takom wike freed de 5000 meter", sa liet er witte.