Wikseljende resultaten by it kuorbaljen

26 okt 2019 - 17:48

De Fryske kuorbalklups hawwe sneontemiddei wikseljende resultaten helle yn har wedstriden. It wie de lêste wedstriid bûtendoar, foar't der ferhûze wurdt nei de seal.

Foto: www.orange-pictures.nl

SCO út Oldeholtpea mocht nei in spannende wedstriid tsjin Oost-Arnhem, de twa punten mei nei hûs ta nimme. Yn in lykweardige wedstriid, mei kânsen foar beide ploegen wie it úteinlik SCO dy't oan it langste ein luts, en mei 15-14 de wedstriid wûn.

De kuorballers fan Hearrenfean hiene in dregere middei thús tsjin Wageningen. Al by de rêst seagen de spilers fan it Fean tsjin in 9-7 efterstân oan. Mei in einstân fan 16-23 moast de thúsploech de punten oan de besikers litte.

Mid-Fryslân hie miskien wol de maklikste middei fan de trije kuorbalklups. By de rêst stie it al 9-2 foar de kuorballers út Grou/Reduzum, yn har wedstriid tsjin Rohda út Amsterdam. Dy foarsprong waard net mear út hannen jûn, en mei in einstân fan 18-11 wiene de twa punten foar Mid-Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)