Harkemase Boys yn thriller foarby DOVO, ONS Snits ferliest

Harkemase Boys hat sneon goeie saken dien yn de tredde difyzje fan it amateurfuotbal. De ploech wûn op sportpark de Bosk mei 4-3 fan vv DOVO út Veenendaal. De Harkiten hiene dat benammen te tankjen oan in stoarmeftich begjin.
De spilers fan Harkemase Boys fiere de 4-1 © Orange Pictures
Al yn de twadde minút kaam Harkemase Boys op foarsprong. Henny Bouius reagearre attint nei in aksje fan Berwout Beimers en makke de 1-0. Yn de sechsde minút lei de twadde der ek al yn. Nei in ien-twake tusken Bouius en Jesse Renken soarge lêstneamde foar de 2-0 foarsprong. Dêrnei wie de ploech noch net útraasd. Op in kwart fan de wedstriid gie Beimers de keeper fan DOVO foarby en skeat de bal yn in leech goal: 3-0. Yn de earste helte kaam DOVO wol op 3-1 troch in eigen goal fan Mark Bruintjes.

Twadde helte noch spannend

Ek yn de twadde helte begûn Harkemase Boys sterk. Yn de 54ste minút makke Renken de 4-1 út in strafskop nei in handsbal fan DOVO.
Dochs wie de wedstriid nei de 4-1 noch net spile. Yn de 66ste minút kopte Quincy Arends de 4-2 binnen. Mei noch minder as tsien minuten te gean waard it ek noch 4-3 troch ynfaller Kai Huisman. DOVO kaam noch hast op 4-4, mar Harkemase Boys koe de foarsprong fêsthâlde.

ONS Snits ferliest

ONS Snits gie op besite by koprinner HSV Hoek mei grutte sifers ûnderút. Yn in earste helte, sûnder in soad aksje, gie ONS Snits dochs mei in efterstân de rêst yn. It wie de topskoarer fan de tredde didyzje Rik Impens dy't mei in kopbal de 1-0 makke foar Hoek. Ek yn de twadde helte hiene de Snitsers gjin antwurd op Impens. De oanfallende middenfjilder fan Hoek makke yn de 63ste minút ek de 2-0.
Yn de 79ste en 80ste minút waard it ferskil noch grutter. Kabwe Manengela skoarde twa kear.

VV Bûtenpost pakt in punt

Yn de haadklassse B naam VV Bûtenpost it op tsjin ASV De Dijk. Beide ploegen hawwe in drege start fan de kompetysje en steane mei fjouwer punten út sân wedstriden ûnderoan. Yn Amsterdam gie it lang gelyk op. Nei in tal kânsen like it derop dat beide ploegen mei 0-0 de klaaikeamers opsykje soene. Mar flak foar it rêstsinjaal liet de keeper fan de Amsterdammers de bal los. Rik Weening reagearre attint en makke de 0-1 foar Bûtenpost.
Yn de twadde helte koe de ploech fan trainer Jasper Bouma de foarsprong net fêsthâlde. Nei 53 minuten makken de Amsterdammers de 1-1. Beide ploegen krigen dêrnei noch wol kânsen, mar skoard waard net mear. Troch it lykspul bliuwt Bûtenpost yn de ûnderste regioanen fan de haadklasse B stean.