Extinction Rebellion demonstrearret yn Ljouwert

26 okt 2019 - 15:04

De aksjefierders fan Extinction Rebellion hawwe sneontemiddei demonstrearre yn de binnenstêd fan Ljouwert. Se wiene ûnder oare aktyf by de dependance fan de Rijksuniversiteit Groningen yn Ljouwert.

Foto: AS Media

De aksjefierders wolle mei har aksje omtinken freegje foar de klimaatferoarings. Yn oare stêden hawwe se mei harren aksjes foar grutte konsternaasje soarge. Sa besetten se yn Amsterdam lange tiid in trochgeande dyk. Yn Ljouwert gie it wat minder drastysk. De demonstranten besochten mei flaggen en buorden de oandacht te krijen fan it publyk. En diene se in die-in, wêrby't de demonstranten foar in bepaalde tiid krekt diene as oft se dea wiene.

Njonken klimaatferoaring makket Extinction Rebellion har ek drok om it ferlies fan de biodiversiteit.

(advertinsje)
(advertinsje)