Offal fan softdrugs en asbestplaten dumpt yn Ljouwert

26 okt 2019 - 13:37

Yn Ljouwert is freed op ferskillende plakken ôffal oantroffen. It giet om ôffal fan softdrugs dat dumpt is en ek is ôffal fan in himpkwekerij fûn. Dat is miljeukriminaliteit.

Foto: Handhaving Leeuwarden

Op noch wer in oar plak is in oanhingwein fol mei asbestplaten fûn, de platen wienen brutsen en wienen net ôfdutsen. Meiwurkers fan Handhaving ha it guod oprêden.

Op Twitter skriuwe se: "Dit soort zaken hebben een ontwrichtend en schadelijk effect op de maatschappij. Ook dit is #ondermijning."

Trefwurden: 
Ljouwert asbest drugs ôffal
(advertinsje)
(advertinsje)