Oriïntaasjerin-evenemint yn Appelskea lûkt ynternasjonaal dielnimmersfjild

26 okt 2019 - 12:34

Yn en om Appelskea is dizze dagen in bysûnder evenemint. It giet om oriïntaasjerinne, wêrby't dielnimmers yn in sa rap mooglike tiid in rûte fia posten drave moatte. Oan it ynternasjonale evenemint dogge sa'n 350 minsken mei, en dy komme ûnder oare út Brazilië, Sina, Japan en Nij-Seelân. It is foar it earst dat dit ynternasjonale barren yn Fryslân is.

Foto: Shutterstock.com

"De wedstrijd van vandaag is in de buurt van de Bosberg", fertelt Klaas Jan Hofstra, organisator, mar ek dielnimmer. "Deelnemers krijgen na de start een kaart waarop ongeveer de posten zich bevinden. Je moet op volgorde zoals die is aangegeven de posten zo snel mogelijk bij langs. En wie het eerste bij de finish is, heeft gewonnen."

Se meie sels bepale hoe't se fan post nei post rinne. "De wedstrijd is in de natuur en je kunt verschillende routes afleggen, soms doe je dat via een pad of soms ga je dwars door het bos heen. Om de twee minuten wordt gestart. Deze deelnemers zijn zo ervaren dat ze niet zullen verdwalen, maar dat zou onervaren mensen wel kunnen gebeuren."

De wedstriid telt mei foar it wrâldklassemint. "Deelnemers uit omringende landen komen er speciaal voor, maar mensen buiten Europa combineren meerdere wedstrijden."

Klaas Jan Hofstra

It evenemint is freedtejûn begûn mei in DUO sprint Relay, benammen troch park Duinen Zathe. Ek snein binne der noch aktiviteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)