Theo Mulder fan Kollumersweach: "Tûker buorkjen, dat is de takomst"

Minder sâlte keunstdong, minder swier materieel en mear krûden en grienbedongje, dat is it buorkjen fan de takomst, neffens Theo Mulder fan Kollumersweach. "Fernijend is dat trouwens hielendal net, want sa waard dat eartiids ek al dien." Theo Mulder is foeraazje-hanneler en al mear as 25 jier dwaande mei it tema 'sûne grûn'.
© Omrop Fryslân, René Koster
Hy publisearret dêroer en jout rûnom lêzingen en presintaasjes. "Nei de oarloch moast de produksje omheech en der wie mar ien boadskip, soks koe allinnich mei keunstdong. Sa ha ik it op skoalle ek leard. Om't gelearde minsken dat seinen, wie it sa. Mar stadichoan komme we derachter dat it oars moat. En de natuer jout sels wol oan hoe."
Troch de aktuele problemen om stikstof en CO2 hinne, krijt syn ferhaal hieltyd mear omtinken en troch de heldere foarbylden sprekt it ek mear minsken oan.
'De boaiem as symfony', 'De wjirm as kultivator', en 'Van verdienmodel nei dien-model': Mulder brûkt de útspraken om de rykdom fan de boaiem oan te jaan en de kânsen foar de takomst. "Wy binne pake en beppe wurden en dan sjogge jo noch sterker dat we foar de takomst tûker mei de wrâld omgean moatte!"
Theo Mulder
Snein is Buro de Vries te gast by Mulder en wrotte se yn de sûne grûn.