Wa lizze op it Huzumer begraafplak? Boek fertelt bysûndere libbensferhalen

26 okt 2019 - 12:07

De ferhalen achter in grut tal grêven op it Huzumer begraafplak yn Ljouwert binne bondele yn in boek. Dêryn steane de ferhalen fan de bekende Ljouwerters lykas dr. Jacob Botke, mar ek fan minder bekende Ljouwerters dy't dêr har lêste plakje krigen ha.

Skriuwers Peter de Haan en Leendert Plaisier diene earder dit jier in oprop om achter de ferhalen te kommen en dat smiet fyftich reaksjes op. Dat wie boppe ferwachting. Se komme mei it boek om't se net wolle dat de ferhalen fan de ûnbekende Friezen ferlern gean. "De dood hoort bij elk leven en deze verhalen zijn eigenlijk een ode aan het het leven," leit Peter de Haan út.

Ien sa'n bysûnder ferhaal giet oer twa jonkjes. "Leeuwarden was op 15 april bevrijd. Twee dagen later ging men feestend de stad in. Op de terugweg zagen ze een Duitse bus die ze open kregen. Ze vonden een handgranaat die bij het spelen ontplofte."

In oar opmerklik ferhaal giet oer in famke. "Als klein meisje was ze in het water gevallen, haar vader sprong haar na. Zij kwam eruit maar haar vader verdronk. Dit dramatische verhaal kwam ze zelf vertellen, dat is wel heel bijzonder."

Peter de Haan en Leendert Plaisier

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
boek Huzum begraafplak
(advertinsje)
(advertinsje)