Omrop TIP: 'Baas op eigen hiem' portret fan boeren dy't eigen paad sykje

26 okt 2019 - 10:20

Boeren stappe op 'e trekker nei Den Haag om te protestearjen tsjin it oerheidsbelied. In soad boeren binne ûnwis oer harren takomst. De Fryslân DOK 'Baas op eigen hiem' giet oer twa boeren dy't in oar paad sykje.

It molkkwotum, de fosfaatrjochten en no de stikstofproblemen. Watfoar plannen kinst meitsje, as boer? Wannear nimst it beslút om op de âlde foet troch te gean, of om it roer om te smiten? Bygelyks fuort te gean út Nederlân en dyn gelok ergens oars te sykjen. Of de stap te weagjen om op in totaal oare wize te buorkjen.

De Fryslân DOK 'Baas op eigen hiem' fan Albert Jensma út 2017 is noch like aktueel as doe.

Ellen en Haite Schukken - Foto: Omrop Fryslân

Hieltyd mear boeren freegje har ôf oft der noch wol takomst is foar harren bern op it âlde famyljebedriuw. Haite en Ellen Schukken hiene har nocht fan it buorkjen yn Nederlân en ferhuzen yn 2016 nei Bülkan, in doarpke yn yn it Dútske Niedersaksen. Hjir koene se wer boer wêze sa't se it sels woene.

Bartele Holtrop en syn Jersey kij - Foto: Omrop Fryslân

Ek Bartele Holtrop út Rotstergaast wie net tefreden en stapte út de maatskip mei syn heit. Hy begûn, omdat er net allinnich boer mar ek gelokkich wurde woe mei syn noch jonge húshâlding, in nij bedriuw op basis fan syn eigen filosofy.

Bartele en Rianne Holtrop en harren twadde berntsje - Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân DOK: Baas op eigen hiem wurdt útstjoerd op sneon 26 oktober op NPO2 om 15.30 oere, mei Nederlânske ûndertiteling.

Snein 27 oktober is de film te sjen by Omrop Fryslân fan 17.00 oere ôf alle oeren.

(advertinsje)
(advertinsje)