Sjinkie Knegt: "Ik kin al aardich meikomme"

26 okt 2019 - 10:03

"Ik moat dy mannen ek wat stypje, no," seit Sjinkie Knegt. Hy reizget mei nei Kanada en Amearika, dêr't de de oare leden fan de shorttrackploech meidogge oan de earste twa wrâldbekers. Mar Sjinkie laket en dat is in goed teken. It giet goed mei him nei it swiere ûngelok, dêr't er brânwûnen oan oerhâlde. Sjinkie Knegt is de lêste fan de sân shorttrackers dêr't we dizze dei mei foarút sjogge op it seizoen.

De earste twa wrâldbekers binne yn Salt Lake City en Montreal, mar de ploech giet earst nei Calgary om dêr te trainen en om oan it ritme te wennen. "En dan kin hjir wol yn myn uppie bliuwe, mar dan train ik allinnich en dêr ha ik ek neat oan."

En sa seit hy mei in knypeach: "Ik moat dy jonges ek wat stypje, no. Ik kin ek al aardich meikomme, dus se ha ek wat oan my by de trainingen. Sa kin ik de oaren ek skerp meitsje."

It giet de goede kant op mei Sjinkie. Hy rint en rydt noch altyd mei in kompressybroek. "Dy ha ik noch altyd nedich, oars kin ik mar in pear meter rinne." Mar echt pine hat er net mear. Ek it werstel fan de ôfskuorde spier nei oanlieding fan syn ûngelok mei in heftruck giet goed. "Ik ha eins gjin pine mear, mar bin kondisjoneel net goed. En technysk moat it ek better. Ik kin ride, dat slagget my aardich, mar it moat noch flugger en ik moat it langer folhâlde."

It is allegear it resultaat fan in simmerlang hurd wurkje. "Ik ha der no gjin hinder fan, dêr ha ik hurd oan wurke." Sa hopet hy oan de ein fan dit seizoen in wedstriid ride te kinnen.

Oft dat al by it Nederlânsk kampioenskip begjin jannewaris is of pas oan de ein fan it seizoen yn maart, dat wit hy noch net. "It doel is om dit seizoen te brûken om folgjend seizoen wer folop mei te dwaan. De doelstelling is om dan werom te kommen op nivo en dat ik wer echt wedstriden ride kin."

Foto: Orange Pictures

  • Namme: Sjinkie Knegt
  • Bertedatum: 05-07-1989
  • Berteplak: Bantegea
  • Wenplak: Bantegea
  • Hichtepunt: Wrâldkampioen yn 2015, 3 kear Europeesk kampioen, 2 kear Wrâld -en 5 kear Europeesk kampioen mei de relay-ploech, sulver en brûns op de Spelen
  • Twitter: @Sjinkieknegt
  • Instagram: @Sjinkieknegt
Trefwurden: 
Sjinkie Knegt shorttrack
(advertinsje)
(advertinsje)