Brânfeilichheid sintraal yn Kollumersweach en Feankleaster

26 okt 2019 - 09:08

Kollumersweach en Feankleaster steane de kommende wike folslein yn it ramt fan brânfeiligens. Yn de doarpen wurde allerhande aktiviteiten organisearre dy't de ynwenners bewust meitsje moatte fan brânfeilich libje en wurkje.

"Yn de ôfrûne fiif jier ha der twa grutte brannen west", fertelt Douwe Keegstra, foarsitter fan pleatslik belang Kollumersweach en Feankleaster. "Dat wie by Mulder Agro en It Lichtpunt. Doe tochten we wat kinne we as doarpen mear dwaan. As earste tinkst dan oan previnsje. We witte net hoe't it by minsken thús sit, oft se bygelyks in reekmelder hawwe. Dus we wolle minsken foarljochtsje."

It is in gearwurking mei pleatslik belangen, ûndernimmers en de skoallen. "De bern yn groep 7 en 8 fan De Stapstien wurde moandei troch de brânwacht as soarte fan ambassadeur oplaat. Se kinne yn de rin fan de wike wenningen besykje om te sjen hoe feilich oft it dêr is. Binne der bygelyks reekmelders en brânblussers en hoe sit it mei flechtwegen."

Douwe Keegstra

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)