Plysje krijt yn twa gemeenten mear foech om ynbrekkers oan te pakken

26 okt 2019 - 08:33

Minsken dy't yn Smellingerlân en Opsterlân mei ynbrekkersark op 'en paad binne en trappearre wurde, kinne tenei neist in boete ek in saneamde 'lêst ûnder twangsom' oplein krije. Beide gemeenten dogge dêr yn gearwurking mei de plysje in proef mei. It is in soarte fan boete ûnder betingst, mar dan folle heger.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

"De donkere dagen komen eraan, zogenoemde mobiele teams gaan nu op pad om te kijken of ze iets kunnen halen en met deze nieuwe maatregels kunnen we ze zwaar treffen", fertelt boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân.

"Nu is het zo dat de politie bij het aantreffen van werktuig een boete van 140 euro uitschrijft. Daar lachen ze om en gaan verder. Met deze last onder dwangsom lopen de bedragen op van 2.500 tot 5.000 euro. We pakken ze daarmee in hun portemonnee en dat werkt preventief. In een gemeente op de Veluwe is gebleken dat het werkt. De herhaling is daar afgenomen en dat is ons doel ook."

De plysje krijt dus mear foech. "Ze worden toezichthouder en daarmee kun je iemand bevragen en controleren als een persoon zich verdacht gedraagt. De toezichthouder mag controleren wat die persoon in zijn voertuig heeft."

Previntive wurking

It is dan oan de gemeente om de lêst ûnder twang op te lizzen. "Bij een volgende aanhouding gaat de boete omhoog. De toezichthouder werkt preventief, als er een aanname is dat er iets gaat gebeuren kun je dat voorkomen. Dat is de winst."

Neffens Rijpstra ha in soad plysjeminsken belangstelling foar dit nije foech. "En we hebben ook de steun van het Openbaar Ministerie."

Simmer takom jier wurdt de proef evaluearre. Mooglik wurdt it ek útwreide nei drugshannel en -besit.

Jan Rijpstra

(advertinsje)
(advertinsje)