Kollum: "Polityk is machteleas tsjin NS by Thialf"

26 okt 2019 - 08:23

"Wy ha wer wat om tige grutsk op te wêzen yn Fryslân. De ynternasjonale uny fan it reedriden hat ús eigen Thialf it stimpel Centre of Exellence opdrukt. Dat is in wurdearring foar alle fasiliteiten en mooglikheden dy't Thialf oan sporters, officials en trainers jaan kin op it mêd fan langebaan en shorttrack.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand

Prachtich moai fansels en it is ek gewoan bysûnder dat je sa'n kompleks yn Fryslân ha. Thialf is nei de lekstutsen proefballonnen fan it Icedome yn it Almere fan doe noch boargemaster frou Annemarie Jorritsma en noch in pear plannen dy't it net helle ha eins ek de iennichste baan yn Nederlân dy't oan dy ISU easken foldocht.

Net lulle mar poetse, sa waard de fernijbou fan Thialf troch de gemeente en provinsje benadere en it hat dus fertuten dien. Hjir op It Feen (net yn It Fean) stiet in iisbaan fan ynternasjonale alluere en yn Almere moatte se it mei krabbelbaantsjes yn de winter dwaan.

It soe eins de normaalste saak fan de wrâld wêze moatte dat sa'n akkommodaasje oan alle kanten maklik te berikken is. Ik wenje flak by, dus op de fyts is it gjin probleem. It kin rinnendewei ek frij ienfâldich, Thialf leit net ergens yn in úthoeke, dus prima te dwaan. Mei de auto yn filefrij Fryslân nei Thialf is ek net al te dreech, der stiet heechút in file op de Bugemeester Falkenaweg hjir by ús foar de doar, mar dat is mar even en meastal hat it folk wol in goed sin, dat dan is it suver wol gesellich.

Der ûntbrekt eins allinnich in goede treinferbining. O, nee. Dy is der wol! Thialf leit ommers hartstikkene oan it spoar, sterker, der is sels in kompleet miny treinstasjon. Hielendal allinnich foar de supporters dy't yn oranje pakken mei de trein nei de wedstriden komme. Hoe lúks wolle jo it ha?

Oant safier it goede nijs. Wy ha yn Nederlân nammentlik in organisaasje dy't NS hjit. De Nederlandse Spoorwegen. Sûnt 2015 wegeret dy om treinen by it stasjon fan Thialf stopje te litten. Omdat it neffens harren net yn de tsjinstregeling passe soe. En se binne nei lange stúdzje ta de konklúzje kaam dat se dêr ek neat oan dwaan wolle.

Dus, je ha in stasjon op in plak dêr't je yn de tiid fan miljeuproblemen de passazjiers hast oan de doar fan in evenemint ta bringe kinne, mar je litte it links lizze. Of rjochts, it is mar krekt út hokker rjochting de trein by Thialf del daveret. De lokale en provinsjale polityk hat him der ek al tige drok oer makke, as ik Twitter lês, mar de NS wikt en beskikt. Dy klup dy't hast gjin trein op tiid ride litte kin as de bledsjes fan de beammen falle, of as der in lokale sniebui falt.

Dus krije we no fan it sintrale stasjon fan It Feen rjochting Thialf in ekstra busferbining by ynternasjonale wedstriden. Dêr hearre je dan de miljeugroepen wer net oer. Al dy ekstra bussen fan en nei Thialf, dy't hielendal net nedich binne. As de polityk it al net mear foar elkoar krijt om in bedriuw as NS by te stjoeren en te twingen dy trein gewoan op de besteande halte neist Thialf stopje te litten, hoe fier hat dyselde polityk dan de macht út hannen jûn by it iepenbier ferfier?

De NS, in bedriuw dat yn tsjinst fan syn klanten wurkje moatte soe, ferdomt it gewoan om syn/har wurk te dwaan en de klanten op it plak fan bestimming út te setten. It haadkantoor fan de NS oan de Laan van Puntenweg nr. 100 yn Utert wurdt mei dizze anty konsuminten opstelling wat my oanbelanget absolút gjin Centre of Exellence."

(advertinsje)
(advertinsje)