Psy-fi organisator: "Ik bin bliid dat de kûgel troch de tsjerke is"

26 okt 2019 - 08:16

It festival Psy-fi bliuwt yn Ljouwert. De achtste edysje fan it festival is takom jier gewoan wer yn de Griene Stjer. Dit wylst dit jier de organisaasje just sei dat se út Ljouwert wei soene, fanwege alle regeljouwing en hege kosten.

Psy-Fi festival - Foto: Omrop Fryslân

Fuort nei Psy-Fi 2019 waard de organisaasje útnûge troch de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert mei de fraach oft se dochs bliuwe woene. Boppedat binne der nije jildsjitters fûn. "Der komt jild út fûnsen, dat binne der mear as fiif", seit festivalorganisator Wiebe Kootstra. "It komt mei elkoar op sa'n bedrach dat we gjin risiko mear rinne."

Op it festival kinne 12.000 besikers komme. " Dy moatte we ek ha. We ha no better sicht om dy te húsfêstjen, op en om de lokaasje is mear romte."

Konstruktyf

Nei petearen mei de gemeente en provinsje "steane de noazen no ien kant op. We ha elkoar dingen útlizze kinnen. Der is in konstruktive gearwurking."

Yn augustus achte Kootstra de kâns net grut dat it festival dochs yn Ljouwert bliuwe soe, mar it roppen dat se fuortgean soenen, sjocht er net as drigemint om de saak yn beweging te krijen. "De kaarten lizze no oars."

De organisaasje hat ek mei in oar plak oan it praten west. "We wienen op twa hynders oan it wedzjen en ha yntinsyf oerlis hân by beide lokaasjes." Hy is ferromme oer dit beslút. "Ik bin bliid dat de kûgel troch de tsjerke is. Psy-fi is in festival dat Ljouwert fertsjinnet en oarsom."

Wiebe Kootstra fan Psy-Fi

(advertinsje)
(advertinsje)