PietCast #21: "Dizze winter wurdt kâlder en wikselfalliger as oars"

25 okt 2019 - 23:44

Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn de nije PietCast praat Wim Brons dêr mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Hear wer nei in goede tsien minuten ûntspannen waarpraat yn dit legedrukgebiet op ynternet: de PietCast!

De PietCast is te finen op iTunes en Spotify. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS. En mear oer it waar stiet op Omropfryslan.nl/waar.

(advertinsje)
(advertinsje)