Henk de Jong net bliid mei negative reaksjes: "Doch even normaal allegear"

25 okt 2019 - 23:16

Trainer Henk de Jong fan Cambuur koe libje mei it lykspul tsjin Jong Utrecht (1-1), mar hy baalde wol fan negative reaksjes dy't syn ploech fan de kant krige. "Ik hear minsken roppen 'schaam je dood'. Ja jonges, moatst sjen wêr't we steane: gewoan boppe-oan. Doch even normaal allegear."

"Want sa geweldich binne we noch net. We binne noch yn opbou. Tuerlik wolle we alles winne. Dêr dogge we alles oan, dêr kin gjinien wat fan sizze. Dat we net altyd like goed fuotbalje, dat witte we ek. Dat wisten we fan tefoaren ek wol. Mar witst wêr't we steane?" Boppe-oan dus. "Presys. As we no út alles lykspylje en thús alles winne, dan hat elkenien feest nei dit seizoen."

Utslach terjochte

De útslach fan freedtejûn wie terjochte, fûn De Jong. "We spylje gewoan tsjin in goede ploech, wy binne net folle better as dizze ploegen. It binne talintfolle jonges, dêr winst net samar fan. Der siet ek net folle mear yn as in lykspul, fûn ik."

Henk de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

Hiene de Ljouwerters op de ein noch wat mear risiko nimme moatten? "We kinne wit wol iepen smite achteryn, mar dan krije we ek op de kloaten. Dêr ha ik gjin sin yn." De Jong sjocht ek nei de oare ploegen boppeyn: "NAC hat ferlern, Excelsior ek. Dus wy ha it wol goed dien. We ha al njoggen kear net ferlern."

Van Deelen wichtich

Ferdigener Jordy van Deelen wie yn de drege begjinfaze wichtich foar Cambuur. Sa helle er in bal fan de line. "Ik zag die speler zo naar binnen kappen, dus ik dacht: ik gooi me er vol voor. En gelukkig hield ik 'm tegen."

Van Deelen is teloarsteld oer it lykspul, mar fûn it krekt as syn trainer wol terjochte. "Je weet van tevoren dat het een lastige wedstrijd wordt. In de beginfase was het slordig van onze kant. Later kregen we iets meer de overhand en wat kansen. Die gingen er helaas net niet in."

(advertinsje)
(advertinsje)