Drachtster Boys wint mei lyts ferskil fan hikkesluter Exstudiantes

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freedtejûn mei 2-1 wûn fan Exstudiantes út Zwolle. De Drachtsters skoarden krekt foar it skoft twa kear gau efter mekoar.
© Drachtster Boys
Hoewol't de earste kâns foar Exstudiantes wie, hie Drachtster Boys de oerhân yn de earste helte. It krige in pear grutte kânsen, mar skoarde krekt foar it skoft pas. Esther van Toledo koe de rebound nei in skot fan Jessie Prijs efter de keepster skowe. Flak dêrnei waard it ek al 2-0. In skot foardel waard troch Lisanne Kempe binnen tikke.
Exstudiantes kaam yn de twadde helte wer yn de wedstriid doe't Jorie Schepers de ferdigening fan de Drachtsters passearre en ûnder keeper Anna Reitsma troch skeat. Exstudiantes waard noch wol in oantal kear gefaarlik op de counter, mar it bleau 2-1.
Ut fiif wedstriden hat Drachtster Boys njoggen punten: trije kear wûn en twa kear ferlern.