Geweldssaak komt pas nei trije jier foar, rjochter jout allinnich straffen ûnder betingst

Fjouwer manlju út Boelensloane, Surhústerfean en De Pein ha freed finzenisstraffen fan twa wiken ûnder betingst krigen fanwege geweld. De manlju gongen trije jier lyn mei elkoar op de fûst fanwege spul om in himpkwekerij, mar trochdat de saak al trije jier âld wie woe de rjochter gjin swierdere straffen jaan.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By de fjochterij, dy't yn desimber 2016 yn Boelensloane plakfûn, rekke ien fan de manlju in skoft út de tiid.

'Echte straf soe neat mear úthelje'

De rjochter hie eins hegere wurkstraffen of selstraffen jaan wollen, mar die dat net omdat de saak trije jier ferlien spile. In echte straf soe neat mear úthelje. Dêrom keas hy foar straffen ûnder betingst.
De offisier fan justysje koe net útlizze wêrom't it sa lang duorre hat foardat de saak foarkaam.