Flyers nei acht bekerwedstriden noch altyd sûnder ferlies

25 okt 2019 - 22:38

De UNIS Flyers ha ek de achtste bekerwedstriid fan it seizoen wûn. Op besite by Devils Nijmegen waard it 5-2 foar de iishockeyers fan It Hearrenfean. De sân foarige bekerwedstriden wûnen de Flyers ek allegear al, wêrfan ien nei ferlinging.

UNIS Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: Martin de Jong

De wedstriid sette geweldich útein foar de Flyers. Aldo van Aalderen makke nei fjouwer minuten de iepeningstreffer en koart dêrnei makke Jasper Nordemann der al 2-0 fan. Op oanjaan fan Juha Kiilholma skoarde Pippo Limnell ek noch yn de earste perioade.

Dochs wie de wedstriid noch net spile. Nei in pear sekonden spyljen yn de twadde perioade makke Oliver Pataky de earste treffer foar de thúsploech en even letter wie de spanning hielendal werom, om't Levi Houkes ek noch skoarde.

Yn de lêste pear minuten fan de tredde perioade makken de Flyers dochs dien wurk. Limnell makke syn twadde en ek Brent Janssen skoarde noch.

Flyers al wis fan heale finale

De Flyers sitte yn de bekerpûl mei fiif oare ploegen. Alle ploegen spylje twa kear tsjininoar. Nei tsien wedstriden gean de de bêste fjouwer ploegen troch nei de heale finales. De Flyers binne al wis fan dy heale finales.

Devils Nijmegen komt dit wykein op besite op It Hearrenfean. Dan spylje de twa ploegen wer tsjininoar.

(advertinsje)
(advertinsje)