Koprinner Cambuur komt yn Utrecht net fierder as lykspul

Sportklup Cambuur hat freedtejûn twa punten ferspile yn de earste difyzje. Op besite by Jong FC Utrecht waard it 1-1. De thúsploech kaam nei in oere spyljen op foarsprong, mar Robert Mühren makke út in strafskop de lykmakker. Yn de slotfaze krigen de Ljouwerters noch kânsen op de winst, mar it bleau lyk. Cambuur bliuwt wol koprinner.
Kellian van der Kaap en Justin Lonwijk © www.orange-pictures.nl
Cambuur begûn net goed oan de wedstriid, mar de earste kâns wie wol foar de Ljouwerters. Issa Kallon, dy't ferline wike noch fjouwer kear skoarde, skeat rjochting de hoeke, mar Utrecht-doelman De Keijzer siet der goed by.

Van Deelen rêdt

Dêrnei wie it benammen Jong Utrecht dat gefaarlik waard. Jordy van Deelen soarge der mei goede ferdigenjende aksjes foar dat der net skoard waard. Sa wie Justin Lonwijk alris keeper Sonny Stevens foarby, mar helle Van Deelen de bal fan de line.
Nei in lyts healoere spyljen kaam Cambuur wat better yn de wedstriid. Sa skeat Mühren de bal flak foardel en ek út frije trapen kamen de Ljouwerters yn de buert fan treffers, mar der waard net skoard foar it skoft.
Flak nei it skoft gie in skot fan Kallon rjochting de krusing fan it Utrechter doel, mar de bal gie krekt oer. Nei in oere spyljen foel oan de oare kant de iepeningstreffer. Nei't Stevens in skot ta corner ferwurke hie, skoarde Jong Utrecht út dy hoekskop. Mitchell van Rooijen kopte raak.

Strafskop Cambuur nei hands

Lang bleau it net 1-0. Sân minuten letter krige Cambuur in strafskop, omdat Utrecht-ferdigener Christopher Mamengi in foarset fan Jairchinio Antonia yn it strafskopgebied tsjinhold mei de hân. Robert Mühren, topskoarer fan Cambuur, skeat de strafskop binnen.
Jong Utrecht krige yn dy lêste tweintich minuten noch in grutte kâns, nei't Stevens de bal ynlevere. Velanas skeat yn it sydnet.

Kânsen yn de slotfaze

Benammen yn de lêste pear minuten krige Cambuur noch in pear flinke kânsen op de oerwinning. Robert Mühren hie in grutte kopkâns, mar dy miste de goede rjochting. En yn blessueretiid skeat Mühren wol op goal, mar doe stie De Keijzer yn it paad. Sa bleau it 1-1.

Noch wol koprinner

Omdat De Graafschap wol wûn, komt dy ploech yn punten op likense hichte mei Cambuur. Omdat it doelsaldo fan de Ljouwerters better is, bliuwt Cambuur koprinner. NAC Breda, de nûmer trije, ferlear mei 4-2 by Roda JC.
Takom tiisdei spilet Cambuur yn de earste ronde fan de KNVB-beker út tsjin GOES, de freed dêrnei komt NEC nei Ljouwert ta.
Jong FC Utrecht - SC Cambuur 1-1 (0-0) 61. Mitchell van Rooijen 1-0, 69. Robert Mühren 1-1 (strafskop)
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Van Deelen, Mac-Intosch, Van der Kaap, Sambissa; Maulun, Hoedemakers, Jacobs; Oratmangoen, Mühren, Kallon