Ferkenning foar 'Onbeperkte Elfstedentocht' klear: "Moe, maar ontzettend voldaan"

25 okt 2019 - 21:47

"De tocht zit erop, jeetje zeg!" Sandy Krijnen fan Koarnwert hat har 'Onbeperkte' Alvestêdetocht folbrocht. It wie in ferkenningstocht oer de Alvestêderûte, want takom jier wol se in Alvestêdetocht organisearje foar minsken mei in beheining. "Ik ben moe, maar ontzettend voldaan", sei se nei oankomst yn Ljouwert.

Sandy en har man en hûn - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Mei har man Roel fytste Sandy de ôfrûne fjouwer dagen goed 200 kilometer. Alles dus mei as doel om te sjen wêr't minsken mei in beheining tsjinoan rinne op de rûte. "We zijn knelpunten tegengekomen waarvan we ontdekt hebben: daar kun je mensen met een scootmobiel of een ander hulpmiddel niet langs sturen", fertelt Krijnen.

Rûte oanpasse

No is it saak om troch te gean mei de organisaasje. "We willen de route zó aanpassen, zodat-ie begaanbaar is voor iedereen." Der wie bygelyks ien spesifyk probleem foar minsken yn in rolstoel of in oar helpmiddel: "Ze kunnen eigenlijk nergens naar de wc. Daarover gaan we met gemeentes in gesprek: hoe kunnen we het toegankelijk maken voor iedereen?"

Noch genôch te dwaan dus, mar Krijnen is fol fertrouwen. "We hebben nog een jaar. Dus we gaan ervan uit dat het gaat lukken. We hebben onderweg zoveel gesprekken gevoerd, zoveel enthousiaste mensen tegengekomen. Mensen die ook lijntjes leggen naar instanties die ons kunnen helpen. Ik heb er alle vertrouwen in dat het gaat lukken."

'Fryslân is prachtich'

Sels is se ek tige entûsjast oer ús provinsje. "Fryslân is prachtig. We hebben zúlke mooie stukken gezien. Maar de 'hel van het noorden' heeft wel z'n naam eer aan gedaan. Van Franeker naar Dokkum en toen van Dokkum naar Leeuwarden: tegenwind, keiharde regen. Maar we hebben het wel gered."

Earder dizze wike wiene we in stikje mei Sandy Krijnen mei op har ferkenning:

(advertinsje)
(advertinsje)