Syryske Wafaa út Akkrum fielt har thús troch Wrâldmiel

Fjouwer jier lyn flechte Wafaa (28 jier) mei har fjouwer bern út Syrië wei. Har man wie doe al in jier yn Nederlân. Yn Akkrum hawwe se, foar no, harren plakje fûn. Dochs misse se Syrië noch hieltyd. Mar troch it moanlikse Wrâldmiel dat organisearre wurdt yn Grou wiene Wafaa, har man Rahit en har bern even werom yn Syrië. Want ditkear waard der Syrysk sean.
© Omrop Fryslân
Wafaa rint sels staazje by in soarchynstelling yn it doarp. Guon fan har famyljeleden wenje noch hieltyd yn Noard-Syrië, it plak dat Turkije binnenfallen is.
Under it iten fertelt Wafaa oer har Syrië. Se woe graach sjen litte dat der yn Syrië ek in protte moaie dingen binne: natuer, histoaryske gebouwen en in soad lekker iten.

Benaud

Dat it no gefaarlik is yn Syrië makket har wat benaud. De famylje fan har en har man wennet dêr noch en sitte middenyn de striid tusken Turkije, Syrië en Koerden dy't yn it gebiet wenje. As it wer feilich is yn Syrië wol Wafaa kraach werom. Se hopet dat it Wrâldmiel yn Grou minsken ynspirearre hat om ek nei Syrië te kommen, at alle gefjochten dien binne.
Wafaa har man Rahit wie sa entûsjast oer it Wrâldmiel dat er oanbean hat om takom jier sels te sieden foar alle Grousters.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie by it Wrâldmiel yn Grou