Festival Psy-Fi bliuwt dochs yn Ljouwert
It festival Psy-Fi bliuwt yn Ljouwert. De achtste edysje fan it festival fynt takom jier wer plak yn de Griene Stjer, dêr't it oars ek altyd wie. Foarôfgeand oan de edysje fan 2019 sei de organisaasje dat se út Ljouwert wei soene, fanwegen in kompleksiteit oan regeljouwing.
De fergunningen binne yn de ôfrûne jierren ferfjouwerfâldige en kostje 50.000 euro it jier, sei Wiebe Kootstra fan it festival yn july noch. "It is in kaartehûs oan fergunningen." Wethâlder Sjoerd Feitsma sei dat er der net bliid mei wie dat Psy-Fi fuort gie.
Petearen mei provinsje en gemeenten
Mar dêr komt no dus dochs feroaring yn. Direkt nei Psy-Fi 2019 waard de organisaasje útnûge troch de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert mei de fraach oft se dochs bliuwe woene. Op dat stuit krige Psy-Fi ek in oanbieding fan in oar plak yn Nederlân om it festival dêr te hâlden.
De kontakten mei de gemeente en de provinsje ha derfoar soarge dat Psy-Fi dochs bliuwt. "Het belang van Leeuwarden en waardering voor het festival was hierin een belangrijk uitgangspunt. Stichting Psy-Fi, provincie Fryslân en de gemeenten Leeuwarden en Tytsjerksteradiel hebben vanaf dat moment wekelijks constructief overlegd."
Nije fûnsen
Psy-Fi hat ek petearen hân mei fûnsen dy't posityf steane tsjinoer it festival. Dat wie de ôfrûne jierren folle dreger, seit Kootstra. Dat hie te krijen mei Kulturele Haadstêd.
It festival wurdt takom jier holden fan 19 oant en mei 23 augustus. It tema is Guardians of Gaia.