Wer in alternative oplossing foar stikstofproblematyk: bamboe
It advysbedriuw Planet4You fan De Jouwer tinkt dé oplossing te hawwen foar it stikstofprobleem. It bedriuw stelt foar om om elts bouplak hinne in ôfsetting fan bamboe te meitsjen. Bamboe hellet twahûndert kear mear CO2 út de loft as in gemiddelde beam, seit it advysbedriuw.
Dat sit sa: de plant bamboe hat in soad stikstof nedich om te groeien. Dus set bakken mei bamboe by bouplakken, seit Oscar Cuiper. "En op it momint dat de bou klear is, dan kinst it spul ferpleatse nei in oar bouprojekt."
Cuiper hat mei Alfred Lehman in bedriuw oprjochte om oars oer de stikstofproblematyk te tinken. "We seine: miskien moat de natuer ús mar helpe. We ha de natuer op bepaalde plakken tekoart dien, mar miskien kin dy ús wol helpe om de problemen op te lossen."
As alternatyf foar natuer
En se kamen dus út by de bamboe. "Dat is in plant mei bysûndere eigenskippen. Dêr wurdt fierstente min mei dien yn Europa. Der binne hjir gjin grutte bamboebosken."
Om in plak klear te meitsjen foar de bou, wurde faak beammen fuort helle en leit der in stik grûn iepen. "Dat feroarsaket in stikje skea oan de natuer", seit Cuiper. "Ek oan de omlizzende natuer, fanwege it oanriden fan frachtweinen en auto's mei boumateriaal en sokssawat. As alternatyf dêrfoar kinst dus bamboebakken delsette fan in kante meter - of grutter."
Bamboe as griene brânstof
Ek foar oare partijen kin de bamboe nijsgjirrich wêze, tinke Cuiper en Lehman: boeren soene oerstappe kinne op it kweken fan bamboe en hoege dan net útkocht te wurden. De plant kin ek fersnippere wurde en kin dat brûkt wurde as griene brânstof.
Oare oplossingen
Cuiper en Lehman binne net de earsten dy't tinke de oplossing foar de stikstofproblematyk te hawwen. In bedriuw út Boalsert docht algen yn spesjale tanks en âld-Amelanner Cor de Jong kaam mei in nij 'tunnelplan'.