Twangsom foar ferfier ynbrekkersark yn Smellingerlân en Opsterlân

Persoanen dy't yn Smellingerlân en Opsterlân betrape wurde op it ferfieren fan ynbrekkersark op kinne tenei neist in boete ek in twangsom oplein krije. Fan oktober ôf binne de gemeenten yn gearwurking mei de plysje East-Fryslân dwaande mei in pilot.
Ynbrekker © Shutterstock.com
De belutsen ynstânsjes binne yn oktober mei de pilot begûn. Dy perioade is keazen omdat yn de tsjustere dagen faak de pyk fan it tal wenningynbraken leit. Yn de donkere hjerst- en wintermoannen binne ynbrekkers minder sichtber en kinne se makliker harren gong gean. Dêrneist binne beide gemeenten troch de goede berikberens in ynteressant doel foar rûnreizgjende ynbrekkers.

Twangsom

Yn de Algemiene Pleatslike Feroardering fan Smellingerlân en Opsterlân is it ferfier fan ynbrekkersark ferbean. As de plysje in persoan betrapet krijt dy in boete fan 140 euro. Dat skrok net genôch ôf, wêrtroch't der in grutte kâns op werhelling wie.
De nije oanpak jout gemeenten de mooglikheid om tenei ek in twangsom fan 2.500 oant maksimaal 10.000 euro op te lizzen. By in earste oertrêding hoecht dy twangsom net betelle te wurden, mar by in werhelling wol. De pilot wurdt yn 2020 evaluearre.