Koade giel foar hurde wyn yn it waadgebiet

25 okt 2019 - 20:23

It KNMI jout fan freedtejûn 23.00 oere ôf koade giel út foar it Waadgebiet. Minsken moatte rekken hâlde mei swiere wynstjitten, dy't op it waad mooglik oant 80 kilometer yn 'e oere oprinne kinne.

Hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De warskôging fan de KNMI jildt fierder ek foar de provinsje Noard-Hollân, mar net foar it fêstelân fan Fryslân. Foar it waadgebiet jild de koade giel fan it waarynstitút oant de folgjende moarn 8.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)