UPDATE: 'Dreech te bestriden brân' yn hûs Koufurderrige ûnder kontrôle

25 okt 2019 - 19:48

Der is freedtejûn brân útbrutsen yn in hûs oan De Zwaan yn Koufurderrige. De brân siet yn it dak fan it hûs. Der wiene gjin minsken mear thús. De brânwacht hat yntusken it sein 'brân master' jûn.

Brânwachtauto - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Troch de brân is de skoarstien ynstabyl wurden. Dy wurdt besocht te stabilisearjen.

De brân wie útslaand. It útmeitsjen derfan wie dreech, sei de brânwacht.

Trefwurden: 
brân Koufurderrige
(advertinsje)
(advertinsje)