Derbydei foar Hearrenfean en Grins: "Derby leeft ook echt bij de spelers

27 okt 2019 - 07:50

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen sil wat oars dwaan yn de wedstriid rjochting FC Grins. Wat dat is, wol er net sizze. "Daar kan ik geen uitspraak over doen", seit er mei in knypeach. Hearrenfean spilet snein om 12.15 oere de 'Derby fan it Noarden' yn it Abe Lenstra Stadion.

Johnny Jansen sjocht foarút op de derby:

It giet om de personiele besetting. Mar wat er krekt wizigje sil, hâldt de Hearrenfean-trainer geheim. "De derby leeft ook echt bij de spelers. We hebben vandaag voor de op een na laatste keer getraind en je merkt dat de jongens alles opzuigen. Dat we bezig zijn met een plan."

Neffens Jansen is de Derby fan it Noarden noch altyd in spesjale wedstriid. "Ja, natuurlijk is het een speciale wedstrijd. Groningen ligt hier 30 minuten vandaan. Dat leeft echt wel."

Floranus goed dwaande

Sherel Floranus is dwaande mei in sterk seizoen. Hy fernimt ek dat 'Grins' wol in spesjalere wedstriid is. "Je hoort het op de club. Mensen praten er meer over. Het leeft wel." Sûnt de komst fan konkurrint Ricardo van Rhijn is Floranus better spyljen gien. "Ik dacht wel: dit overkomt mij niet. Dit gaat mij niet gebeuren, ik sta mijn plaats niet af."

Sels sjocht hy ek de opgeande line. "Je hoort mijn naam in het stadion ook wat vaker. En dan positief. Ik merk dat wel. Tegen Ajax en Utrecht heb ik wat minder gespeeld. Maar verder ben ik tevreden."

Sherel Floranus oer syn sterke seizoen:

FC Grins feroaret ek wat oan de opstelling. En wat dat is, leit Grins-trainer Danny Buijs by RTV Noord út. Se sille mei twa spitsen spylje.

(advertinsje)
(advertinsje)