Suvelsektor lûkt stikstofplannen yn nei aksjes fan boeren

25 okt 2019 - 19:23

Suvelprodusint FrieslandCampina en brânsjorganisaasje NZO en ZuivelNL lûke har stikstofplan yn. Dat dogge se, sa sizze se, "door de vandaag ontstane onrust onder melkveehouders". De organisaasjes hiene in 'taskforce' oprjochte foar in alternative oanpak fan de stikstofproblemen.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Troch aksjes fan boeren is it draachflak fuort fallen, sizze de organisaasjes.

Lilke boeren blokkearren freed ûnder oare de yngong fan it haadkantoar fan FrieslandCampina yn Amersfoort. Boere-organisaasje Farmers Defence Force wie lilk op de organisaasjes om de plannen en rôpen op om aksje te fieren by bedriuwen as FrieslandCampina.

De kearn fan de plannen soe gean oer emisje-earme flierren yn stâlen te lizzen. Dêrfoar soene nije fergunningen oanfrege wurde moatte, wat groeiplannen fan boeren behinderje soe.

(advertinsje)
(advertinsje)