Feanster trainingshal neamd nei Henk Heising: "Hij deed alles voor dit cluppie"

25 okt 2019 - 19:03

Yn it Abe Lenstra stadion is freedtemiddei de Henk Heising Hal iepene. Under de noardtribune hat sportklup Hearrenfean de lêste moannen wurke oan it nije romte dêr't spilers fan Hearrenfean ûnder oare krêfttraining dwaan kinne.

De iepening fan de nije hal:

De trainingsromte is neamd nei âld-Hearrenfean-trainer Henk Heising. Hy wie benammen kondysje- en krêfttrainer by Hearrenfean.

Heising kaam yn 1986 op foarspraak fan Foppe de Haan by de klup. Earder wurken se tegearre op it sportoplieding CIOS.

Technysk manager Gerry Hamstra oer de hal en Henk Heising:

Heising stie bekend om syn ynnovaasjes en as in echte klupman. Hy wurke tweintich jier foar de klup en ferstoar yn 2010 op 67-jierrige leeftiid. Syn widdo Ginie ferrjochte freedtemiddei by iepening.

De widdo fan Henk Heising, Ginie:

Hearrenfean-trainer Johnny Jansen oer Henk Heising:

(advertinsje)
(advertinsje)