Ek Fryske transportbedriuwen ha te krijen mei minskehannel

Fryske transportbedriuwen ha al jierren lêst fan minskehannel. Foardat transporten bygelyks de oerstek meitsje kinne nei Ingelân, wurde de trucks ekstra kontrolearre. Dochs giet it dan noch wolris mis: "Yn jannewaris binne der by ús ek nochris tweintich minsken út in oplizzer helle", seit Feike Boonstra fan transportbedriuw Boonstra út Haulerwyk.
Fryske transportbedriuwen lest fan minskesmokkel
It nijs fan ôfrûne wike dat 39 Sinezen dea fûn waarden yn in oplizzer yn Ingelân, hakke der ek by Boonstra yn. "It is ferskriklik wat dêr bard is", seit Boonstra.
De sjauffeur fan de frachtwein yn Ingelân is oanholden. "Mar ik wit seker dat dizze jonge de opdracht krigen hat om in oplizzer te keppeljen. Hy is him fan gjin kwea bewust. En no sit er yn de finzenis. Der binne in hiel soad truckers dy't dit oerkomme kin."

'Alles is te manipulearjen'

Der binne systemen om foar te kommen dat konteners iepenbrutsen wurde, mar alles is te manipulearjen, neffens Boonstra. "Kinst de doar allinnich iepenje as je de fersegeling stikken meitsje. Mar we ha it ek wol meimakke dat it dêrnei wer mei sekondelym fêstplakt is. As sjauffeur sjochst dan net dat der mei omknoeid is."
Yn jannewaris hie in sjauffeur fan Boonstra der dus noch mei te krijen. "Oan de bûtenkant wie der neat fan de sjen. Der siet sels noch in slot op. Mar der binne krêften yn dit spul dêr't wy gjin fet op ha. Hjir is organisearre misdie oan de gong."
Feike Boonstra oer minskehannel yn frachtweinen