Trije minsken oanholden yn ferbân mei stekpartij Dokkum

25 okt 2019 - 17:57

De plysje hat trije minsken oanholden op fertinking fan belutsenheid by de stekpartij yn Dokkum ôfrûne wykein. It giet om in 19-jierrige Dokkumer, in 21-jierrige Dokkumer en in Ljouwerter fan 17 jier. It slachtoffer fan de stekpartij is in man fan 23 út Ljouwert. Dy waard ferwûne nei it sikehûs brocht.

Foto: De Vries Media

De trije fertochten waarden ôfrûne tiisdei al oppakt en binne freed foar de rjochter kaam. Se bliuwe langer fêstsitten. Hoe lang krekt, dat is noch net dúdlik.

Der hat freed ek in dregaksje west yn it sintrum fan Dokkum. Dat hie ek mei it foarfal te krijen. By dat dreggen is guod yn it wetter fûn, mar de plysje kin noch net sizze oft dat by de saak heart.

Foto: Marcel Veentjer
Trefwurden: 
Dokkum stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)