Plysje siket tsjûgen fan mishanneling by A7 tankstasjon Aldehaske

25 okt 2019 - 17:53

Plysje De Fryske Marren siket tsjûgen fan in mishanneling by tankstasjon De Horne oan de A7 by Aldehaske. It barde op tongersdei om twa oere middeis hinne. It docht bliken dat der omstanners binne dy't it barren filme of fotografearre hawwe, mar dizzen binne noch net by de plysje bekend.

Tankstasjon De Horne yn Aldehaske - Foto: Politie De Fryske Marren

De fertochte ried neffens de plysje yn in grutte, wite bus. Net lang foar de mishanneling rieden de belutsenen oer de A6 yn de rjochting fan De Jouwer.

(advertinsje)
(advertinsje)