Faak spektakel by SC Hearrenfean tsjin FC Groningen

SC Hearrenfean - FC Groningens, de derby fan it noarden. Alteast, sa stie dy wedstriid altyd bekend. Sûnt SC Cambuur inkelde jierren yn de earedifyzje fuotballe, hat SC Hearrenfean tsjin FC Groningen wat oan glâns ferlern. Dochs bliuwt it krekt wat spesjaler as oare wedstriden. Sa hawwe de konfrontaasjes tusken dizze klups yn it ferline in soad moaie goals, ludike aksjes en in protte striid opsmiten.
In oersjoch:
Faaks spektakel bij SC Hearrenfean tsjin FC Grins

1990/1991: De earste kear

SC Hearrenfean en FC Groningen spilen yn it seizoen 1990/1991 foar it earst tsjin elkoar yn de earedifyzje. Op It Hearrenfean like it foar de Friezen in kânsleaze misje doe't se by it skoft mei 2-0 efter stiene troch goals fan Harris Huizingh en Milko Djurovski. Dochs wist Hearrenfean te winnen: Rodion Camataru, Marten Dijk en René van der Gijp (twa kear) skoarden.

2001/2002: Middenstip fuort en de naaimasine fan Lurling

Nei't FC Groningen-supporters in seizoen earder it byld fan Abe Lenstra grien-wyt ferve hienen, namen de Hearrenfeanfans wraak troch de middenstip te stellen út it Oosterparkstadion fan FC Groningen. Dêr bleau it net by dat seizoen: by de doetiidske oanfaller fan Hearrenfean, Anthony Lurling, stie ynienen in naaimasine yn 'e tún. Dit hie de oanhang fan FC Groningen dien, om't se Lurling de grutste 'matennaaier' fan de earedifyzje fûnen.

2005/2006: Fantastyske goals

Yn it seizoen 2005/2006 wûn Hearrenfean mei 4-0. Wat fan dy wedstriid it meast hingjen bleaun is, binne de fantastyske goals. Klaas-Jan Huntelaar skoarde mei in omhaal, Georgios Samaras fûn it net nei in sublime yndividuele aksje en Paul Bosvelt skoarde troch in geweldich ôfstânsskot.

2008/2009: Reade kaarten FC Groningen

Ek yn 2008/2009 pakte Hearrenfean de trije punten, mar maklik wie it net. Ek net doe't FC Groningenspiler Martijn Meerdink yn de earste helte syn twadde giele kaart krige. Nei it skoft sette Christian Grindheim Hearrenfean op foarsprong, mar troch Danny Holla waard it al rap wer gelyk. Doe pakte ek Gonzalo García-García noch read by de Grinzers. It duorre oant de blessueretiid foardat Hearrenfean profitearje koe fan it numerike oerwicht. Viktor Elm makke de goal. Groningen-trainer Ron Jans trape dêrnei noch in bal fuort en moast op de tribune plak nimme.

2013/2014: Noch mear read yn in spektakelstik

Reade kaarten feolen der ek yn 2013/2014. Earst moast Groningen-spiler Timo Letschert nei de kant fan de skiedsrjochter. Dêrnei makke Hearrenfean-spiler Mitchell Dijks in oertrêding yn it strafskopgebiet en krige ek hy read. Nick van der Velden makke de penalty: 0-1. Nei it skoft sette Hearrenfean dit al rap rjocht troch doelpunten fan Yanic Wildschut en Kenneth Otigba. Groningen makke fia Johan Kappelhof noch wol lyk, maar dêrnei sette Hearrenfean de wedstriid nei him ta. Alfreð Finnbogason skeat in penalty rekke en efkes letter wie it dien doe Tjaronn Chery read krige. Alfreð Finnbogason bepaalde de einstân op 4-2.
2007: Geert Arend Roorda yn duel mei Goran Lovre © www.orange-pictures.nl