Rykswettersteat makket balâns op nei Waadkontrôle: meast fiskers oanpakt

25 okt 2019 - 16:56

Yn it Waagebiet wie tiisdei in grutte kontrôle-aksje troch 15 ferskate organisaasjes. Trije dagen letter kin koördinator Rykswettersteat de balâns opmeitsje: neffens foarljochter Christiaan Kooistra wiene der aldergeloks net in soad opfallende saken.

Kontrôle-aksje op it Waad - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De measte drokte hiene ynspekteurs fan de gemeente en Steatsboskbehear mei seebears-fiskers. Goed 30 binne oansprutsen om't sy net wisten dat sy mar ien seebears meinimme meie foar eigen konsumpsje.

De papieren fan de fiskers wiene yn oarder, mar sy wiene net op 'e hichte fan de regeljouwing. Sportfiskers meie tusken 1 jannewaris-1 april en 1 novimber-31 desimber hielendal gjin seebears meinimme, en tusken 1 april en 31 oktober mar ien. Der is dus in spesifike limyt.

Oare yllegale saken

Fierder is der ien kear in strânrider oantroffen dy't dêr gjin tastimming foar hie, dizze krige in proses-ferbaal. Ek is der streuperij waarnommen en is der ien yllegale ôffaldumping konstatearre. As lêste wiene der wat minsken dy't draakjefleagen by strânoergongen. Dy binne warskôge en frege om fierderop te stean, wêr't it wol mei.

Fiskerij-ynspeksjes

De Waddenunit en NVWA (Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit) hawwe noch tweintich ynspeksjes dien by garnale- en mokselfiskers, nettsjinsteande dat der in soad fiskers op de Noardsee sieten fanwege it goede waar. Der binne gjin misstannen fûn. Netten wiene yn oarder, lykas de elektroanyske lochboeken.

Yn de Eemshaven hawwe plysje en ILT (Inspectie Leefomgeving en Transport) sjoen nei de skipfeart: al it papierwurk, de lochboeken, produkten, ôffal en oare saken wiene yn oarder.

Surfers, toeristen en farders

Kitesurfers wiene der hast net troch it moaie waar. Toerisme wie der ek net in soad, de saneamde robbetochten dy't der wiene feroarsaken gjin oerlêst foar seehûnen. Hurdfarders binne net sjoen, ek yn de nacht net troch de patrûlje fan Rykswettersteat. Ek is der gjin lêst west fan ferljochting op boaten.

By wurksumheden foar de fiskmigraasjerivier by de Ofslútdyk en oan buizen fan de NAM is neat ferkeards fûn.

Yn novimber binne der nochris fjouwer kontrôledagen, mar dan wurde de aksjes net bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)