UPDATE: Bedriuwsloads Burgum útbrând, njonkenlizzende pleats rêden

25 okt 2019 - 19:26

Der is freedtemiddei brân útbrutsen yn in bedriuwsloads oan de Simmerdyk by Burgum. Yn de loads stiene hynders en ferskate frachtweinen, mar dy waarden der al gau úthelle, seit de brânwacht. De loads is folslein útbrând.

Foto: ProNews

De loads is fan it bedriuw About Hydraulic en waard brûkt as opslachplak foar hydraulykoalje, seit brânwachtfoarljochter Jan Kees Toxopeus.

De ôfmjitting fan de loads is sa'n 20 by 50 meter. Grutste soarch fan de brânwacht wie in pleats mei in reidtek, dat sa'n tsien meter njonken de loads stiet. Dy pleats is úteinlik rêden.

Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik. De brânwacht fan Burgum en De Westereen binne by de loads. Ut Ljouwert kaam brânwachtpersoniel mei in heechwurker.

Trefwurden: 
brân Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)