Farmers Defence Force wol hurde aksjes tsjin suvelorganisaasjes

25 okt 2019 - 16:04

Lilke boeren blokkearje freedtemiddei de yngong fan it kantoar fan Friesland Campina yn Amersfoort. Dy aksje komt nei in oprop fan de boeregroepearring Farmers Defence Force (FDF). Sy freegje boeren om te striden tsjin it plan fan suvelorganisaasjes Friesland Campina, ZuivelNL en NZO om stâlen te foarsjen fan emisje-earme flierren.

Yn in brânbrief skriuwt de FDF dat 'harde acties niet worden geschuwd'. Se binne it net iens mei it plan om stâlen om te bouwen. "In de praktijk betekent dit opnieuw vergunning aanvragen waarmee de huidige latente ruimte per direct wordt verspeeld."

By de bou fan sa'n nije stâlflier soene boeren de âlde fergunning ynleverje moatte. Yn dy âlde fergunning sit foar guon boeren noch romte om te groeien en dy reitsje se dan kwyt. De boeren fan de FDF fine dat suvelorganisaasjes der no foar soargje dat boeren de priis betelje om de stikstofútstjit nei ûnderen te heljen.

"Aangepakt op alle mogelijke manieren"

Yn in parseberjocht fermeldt de FDF de nammen fan de bestjoerders fan Friesland Campina, ZuivelNL en NZO en ha se ek de adressen fan de suvelorganisaasjes op in rige set. Organisaasjes dy't de doelen fan FDF yn gefaar bringe "worden aangepakt op alle mogelijke manieren", stiet yn it berjocht.

Friesland Campina is skrokken

Friesland Campina hat sels by RTV Oost in earste reaksje jûn: "We zijn geschrokken van het pamflet dat FDF heeft verspreid. Wij geloven in dialoog. Het klopt dat wij meedenken over alternatieven voor de sector, maar die plannen zijn nog niet af."

(advertinsje)
(advertinsje)