Jongerein fan Feanwâlden sette harren yn foar treastleaze skatebaan

25 okt 2019 - 15:26

Feanwâlden hat freed presys 11 jier in skatebaan oan de Ljiploane. In moai plak foar om te wêzen, soene je sizze. Mar der is net in soad oan. In skoft lyn hat in groep jongerein fan oare doarpen foar oerlêst soarge, rotsoai efterlitten en de skatebaan fernield. Mar de jongerein fan Feanwâlden litte it der net by sitte: sy binne mei in jongereinwurker Stichting 't Boartersplak benei kaam en no wurdt der gearwurke om de skatebaan op te knappen.

In groep fan goed 25 jongeren fan Feanwâlden hat it inisjatyf nommen. As jo wat foar ús dwaan wolle, seine sy tsjin de jongereinwurker fan Stichting Welzijn Het Bolwerk, dan wolle wy ús skatebaan wol opknappe. Dat wie nedich, want sa't ien fan harren seit: "It sjocht der echt net mear út." Grutske winsk is dat sy der wer noflik mei in groepke sitte kinne. In moai nij hingplak.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma op de skatebaan yn Feanwâlden

De skatebaan yn Feanwâlden oan de Ljiploane - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Aije Klaren fan Stichting 't Boartersplak: "Dizze jonges kamen by ús en seine: wy wolle graach wat dwaan mei ús skatebaan. Wolle jimme helpe? No, in boartersplak giet altyd oer beweging, boartsje, byinoar wêze en gesellichheid. Mar dizze baan is no echt in tryst gesicht as it ljocht is. Wy wolle it wer oantreklik meitsje, ek om hjir te sitten as it reint."

Leuk is ek dat bern fan nije Nederlanners de skatebaan brûke as plak om it fytsen te learen. It is dus in plak mei meardere funksjes.

Opknappe

Underdielen fan de baan wiene sa stikken dat de gemeente se fuorthelje moast. Dat makke wol dat de baan net mear kompleet is, wat der no stiet is ûnlogysk foar skaters. Der moatte dus nije ûnderdielen werom en de boel moat ris ferve wurde.

Om it barren te fieren, wurdt der op dit stuit in Spikerdoarp hâlden. Eltsenien dy't in tiny house timmerje wol, is freed en sneon wolkom op de skatebaan yn Feanwâlden.

De skatebaan jout plak oan Spikerdoarp

(advertinsje)
(advertinsje)