Freedsmerk oer de wintertiid: "Moai, dan rint it klokje yn de auto wer lyk"

25 okt 2019 - 14:14

"Moai dat it klokje yn de auto dan wer lyk rint, mar dat is dan ek it iennichste foardiel. Ik ha der altyd in stronthekel oan, bin wol twa moanne fan 'e lech!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it fersetten fan de klok fanwege de wintertiid.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn de nacht fan sneon op snein is it wer safier, de klok giet in oere achterút, en foarearst binne we noch net fan it klok fersetten ôf. Europa wol noch mear ûndersyk dwaan foar't de tiid eventueel fêstset wurdt. "No, we moatte gau ophâlde mei dy ûnsin en dan de wintertiid fêsthâlde", sei in freedsmerkbesiker. "De wintertiid is ús tiid, de simmertiid is dy fan Sint-Petersburg. Wat moatte we dêr mei?"

De poelier fertelde dat er der net sa folle muoite mei hat. "Ik bin altyd om fiif oere wekker, sjoch. Mar blinder, dat is dan takom wike fjouwer oere! Dat is wol betiid, ja!" In mem mei jonge bern seach der wol nei út om in oerke langer te sliepen. "Ik bin lykwols bang dat de bern har dêr net folle fan oanlûke."

De meast nochtere opmerking wie, dat we ús net te drok meitsje moatte. We ite hjoed om tolve oere en nije wike wike ek!"

De Freedsmerk oer de wintertiid

(advertinsje)
(advertinsje)