Friezen oerlangje Fryske flagge oan Noard-Hollânske boeren op Ofslútdyk

25 okt 2019 - 15:27

In ludyk protest op de Ofslútdyk: Fryske boeren oerlangje in Fryske flagge oan Noard-Hollânske boeren. Dy boeren wolle harren symboalysk ôfskiede en harren oanslute by Fryslân, om't sy ek wolle dat de stikstofmaatregels ynlutsen wurde. 'Noord-Holland wordt Friesland-West' is harren slogan.

Friezen oerlangje Fryske flagge oan Noard-Hollânske boeren op Ofslútdyk

Neffens de boeren hat it rânestêdlik provinsjebestjoer fan Noard-Hollân gjin bining mei it plattelân. Der wurdt lûd toetere en der is sjampanje en sûkerbôle.

Jitty van der Werf fan it Farmers Defence Force ried yn in auto foarop, folge troch goed 30 Fryske trekkers. De boeren soene parkeare by de benzinepomp, mar keazen letter om nei de camping te gean. Healwei de Ofslútdyk is de Fryske flagge oan de Hollânske boeren oerlange, en is der in 'foarriedige oerdracht' tekene. Nei it moetsjen geane de Hollânske boeren nei it provinsjehûs yn Haarlem om in sinjaal ôf te jaan oan it provinsjebestjoer.

De boeren hawwe in petysje opset, by 5.000 hantekeningen moat de provinsje it op de aginda sette. Op dit stuit binne der sa'n 2.500 hantekeningen binnenhelle. Om dêr ekstra omtinken foar te krijen, diele sy Fryske flaggen út.

De aksje fan de Noard-Hollânske en Fryske boeren op de Ofslútdyk - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De Noard-Hollânske Ad Baltus is fan de saneamde 'Ongebonden Boeren.' "Bij de acties van oktober hebben we een appgroep opgericht, die hebben we in leven gehouden. De belangenbehartigers die zijn hard aan het werk om de problemen op te lossen. Maar ook het geluid van alle andere akkerbouwers, veehouders en tuinders gehoord moet worden. We zijn samen met elkaar. Samen met die Friese boeren, dat is toch prachtig!"

Kramer siket ferbining

Baltus is wiis mei wat deputearre Johannes Kramer dien hat: de stikstofmaatregels ynlûke. "Johannes Kramer is wél de verbinding aan het zoeken, terwijl veel politici in het land juist polarisatie zoeken. Dat vind ik jammer. Dit probleem speelt al jaren, maar de politiek wil het in een paar weken tijd oplossen. Zo werkt dat niet Je moet geen overhaaste beslissingen nemen. Alsof Nederland morgen in elkaar stort, dat is niet aan de orde."

De boer sjocht lykwols wol dat der wat dien wurde moat. "Wij zitten ook in deze maatschappij en stoten ook stikstof uit. Wij moeten ook helpen om dit probleem op te lossen. Maar de politieke oplossing van nu is niet de goede. Wij zijn een gedeelte van die oplossing, wij leggen stikstof en CO2 vast op onze gronden. Maar daar hoor je niks over en ik denk dat daar al een deel van de oplossing ligt," seit hy.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer op de Ofslútdyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)