Biense Dijkstra: "Ferheegje tydlik noarmen foar útstjit stikstof en PFAS"

25 okt 2019 - 12:48

It kabinet moat de noarmen foar de útstjit fan stikstof en PFAS tydlik ferheegje, om sa de boeren en bouwers romte te jaan foar goede maatregels. Dat seit direkteur Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma yn Dokkum.

Dijkstra stelt dat op dit stuit alles op slot komt te stean en dat mei net sa wêze neffens him. Hy fergeliket it mei it ferkear op de dyk. "Wy steane yn in hiel lange file, mei foarop ien man mei in stopbuordsje. We steane allegear lâns de kant fan de dyk en der gebeurt neat mear."

Neffens Dijkstra moat der mear tiid komme en tydlik in hegere noarm. "Wy moatte de hiele brânsj de tiid jaan, in jier as trije, om mei in wat hegere noarm yn elts gefal troch te kinnen mei alle projekten dy't no draaie en dan mei mekoar om tafel gean en sjen hoe't we dingen oplosse kinne. Want salang it noch sa is dat ien ko likefolle útstjit as twahûndert wennings, dan fyn ik it probleem ek ynienen hiel grut."

Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum - Foto: Google Streetview

De PFAS binne foar de bou in folle grutter probleem as de stikstof, seit Dijkstra. De giftige stoffegroep bestiet út 6.000 stoffen dêr't mooglik 1.500 fan kankerferwekkend binne. Yn de bousektor komme dizze stoffen foaral foar yn de earste meters grûn en ha se der by it fundearjen mei te krijen. Stikstof komt foaral foar by it brûken fan bygelyks diselmotoaren en it stoken fan gas.

"By ús giet 90 prosint fan de wurken gewoan troch", seit Dijkstra. "De PFAS is lestiger, want dêr is op dit momint net in goed kader foar, dêr't we dúdlikheid ha."

Direkteur Biense Dijkstra fan boubedriuw Dijkstra Draisma

(advertinsje)
(advertinsje)