Hieltyd minder minsken lid fan fakbûn: CNV wol aktiver leden winne

25 okt 2019 - 12:34

Hieltyd minder wurknimmers binne lid fan in fakbûn, sa docht bliken út sifers fan it CBS. De bûnen seagen de ôfrûne twa jier hûnderttûzen minsken ferdwinen út it ledebestân. It grutse fakbûn, it FNV, rekke de measte leden kwyt. Mar ek by it op ien nei grutste fakbûn, it CNV (Christelijk Nationaal Vakverbond), binne in soad opsizzingen.

De nije CNV-foarsitter Piet Fortuin - Foto: ANP

Dêr is Piet Fortuin as nije foarsitter net wiis mei: "De sifers dy't no presintearre binne, binne teloarstellend."

De daling is op dit stuit it grutst by jongerein ûnder de 25 jier (29 persint) en ûnder âlderein fan 65 jier en âlder (11 persint). Mar yn alle leeftiidsgroepen nimt it tal leden ôf, sawol by manlju as by froulju. Foar it earst nimt it tal froulju dat lid is ek ôf. Yn Nederlân wiene der yn 2009 noch 1,9 miljoen minsken lid, no noch mar 1,6 miljoen.

Fierwei de measte minsken jouwe oan der nea serieus oer neitocht te hawwen om lid te wurden, dat jildt benammen foar jongerein. Fan de minsken tusken de 15 oant 35 jier hat sa'n 60 persint gjin ynteresse.

Ek by it CNV

Ek by it CNV is it tal leden ôfnommen, al liket it wol krekt wat slimmer om't in tal fergeze leden dit jier net mear meiteld is. CNV-foarsitter Piet Fortuin fan Drachten: "Sa'n 8 persint fan de minsken dy't ôfheakke is, seit net tefreden te wêzen. Sa'n 92 persint dus wol, mar miskien is ús relevânsje te min. Der is lykwols mar in lyts persintaazje minsken dy't seit dat in fakbûn der net ta docht, mar der binne dus wol in soad minsken dy't opsizze."

'Mear nei de minsken'

Wat moatte Fortuin en it CNV dwaan om it wer de goede kant op te stjoeren? "Wy moatte werom nei de wurkflier, tichter op de minsken. Wy sitte te folle yn grutte kantoaren gear te kommen. Op de kante meter fan Den Haag is it hiel drok, mar wy moatte just nei de minsken ta yn de kantines en de bouketen om te freegjen: wat beweecht jimme?"

Mar ek: "Ut in oar ûndersyk docht bliken dat sa'n 50-60 persint noch nea frege is om lid te wurden fan in fakbûn. Dus dêr leit foar ús ek in taak."

In relatyf hege organisaasjegraad yn Fryslân - Foto: CBS ('Wie is er nog lid van een vakbond?')

Hege organisaasjegraad

It CBS komt eltse twa jier mei sifers oer it tal fakbûnsleden. De lêste sifers dy't regionaal útsplitst binne, komme fan 2018. Ut dizze sifers die bliken dat yn Fryslân de saneamde organisaasjegraad (it oandiel fakbûnsleden) fan wurknimmers tusken de 15 en de 75 jier noch bêst heech is yn ferliking mei oare provinsjes. Der binne wol ferskillen tusken regio's.

Fryslân en Drinte grutste oandiel

Yn it noarden binne relatyf in soad wurknimmers lid fan in fakbûn, benammen yn Fryslân en Drinte: sa'n 27 persint. Ek yn Grinslân en Flevolân binne der noch wol aardich wat minsken lid, mar yn it oare part net Nederlân folle minder. It oandiel fakbûnsleden is yn Noard-Brabân it leechst, mar sa'n 15 persint.

"Yn Fryslân is de organisaasjegraad heech," sjocht ek Fortuin. Hy hat dêr wol in ferklearring foar. "Minsken yn Fryslân libje noch mei idealen en sette de skouders derûnder. Dêrnjonken is der hjir noch wat mear sosjale ynfrastruktuer, dêr't yn oare parten fan Nederlân mear yndividualisearring is."

De relevânsje fan fakbûnen is neffens Fortuin noch altyd grut. "Der binne minsken dy't tinke: alles is al oplost. Mar der binne noch hieltyd sa'n 200.000 minsken yn Nederlân mei wurk, mar dy't ûnder it minimumlean sitte, flekswurkers dy't de holle net goed boppe wetter hâlde kinne."

CNV-foarsitter Piet Fortuin fan Drachten

Wat is eins in fakbûn?

In fakbûn is in wurknimmersferiening, in organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan har leden. In soad bedriuwstakken hawwe aparte bûnen, lykas de bou of it ûnderwiis. It fakbûn docht ûnderhannelingen oer de wurkbetingsten fan de leden. De bûn praat dus út namme fan de leden mei de wurkjouwer oer bygelyks de cao's ('collectieve arbeidsvoorwaarden'). Dat binne bygelyks lean, wurktiden en pensjoen. Ien fan de wapens fan de bûn binne stakingen. Ek ûnderhannelet it fakbûn oer de rjochten en plichten fan wurknimmers en behertiget it bûn de belangen fan wurknimmers by ûntslach en reorganisaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)