Semintwein kantelet op Sintrale As by oprit Sumar

25 okt 2019 - 11:09

De Sintrale As is by Garyp foar in part ticht om't der in semintwein kantele is. De brânwacht is ynsetten om de sjauffeur fan de betonmikser út de wein te heljen. Troch it ûngelok is de oprit en ien rydstripe fan de N356 ticht, it ûngelok barde op de hichte fan de oprit nei Sumar yn de rjochting fan Dokkum.

Hoe't de sjauffeur fan de semintwein der oan ta is, is noch net dúdlik. De plysje sil letter ûndersyk dwaan nei hoe't it ûngelok barre koe. De plysje freget minsken op de Sintrale As om harren snelheid oan te passen en de helpferlieners it wurk goed dwaan te litten.

Foto: ProNews
(advertinsje)
(advertinsje)