HEA! Treksekklup 'Krekt oars' giet mar troch

25 okt 2019 - 10:37

De evangelyske treksekklup 'Krekt Oars' út Noardburgum bestiet dit jier 10 jier en giet rjochting de 150 optredens. De klup is fleurich en hâldt de moed der yn as 'jonge senioaren', de gemiddelde leeftijd sit boppe de 70 jier. Salang as it kin, geane se troch. Mar se beseffe ek dat se kwetsber binne. Ien lid hat al oanjûn der hast mei ophâlde te wollen en nije oanwaaks is der net. Dochs ha se in soad wille en bliuwe se spyljen, salang't der noch moaie optredens binne.

(advertinsje)
(advertinsje)