Strafsaak oer earnstich sededelikt yn Haule útsteld

25 okt 2019 - 09:50

De strafsaak tsjin in 47-jierrige man dy't fertocht wurdt fan sededelikten yn Haule en Stadskanaal, is ûnferwachte útsteld mei sa'n trije moannen. De fertochte út Nieuwolda soe him tusken septimber 2016 en oktober 2017 skuldich makke hawwe oan mishanneling, ferbean wapenbesit en ferkrêfting. It giet om ien mearder- en ien minderjierrich slachtoffer.

Foto: Pxhere

Dat de saak foarearst útsteld is, komt om't de advokaat en de offisier fan Justysje dêr om frege hawwe. De riedsman fan de fertochte krige pas let troch dat de behanneling fan de saak op tongersdei wêze soe. Hy koe him dêrom net foldwaande tariede.

Mear ynformaasje nedich

De offisier fan Justysje fûn boppedat dat der in ûnfolslein rapport op tafel lei, mei in iensidich ferhaal dat te folle foar de fertochte pleitsje soe. Der wurdt no ûnder oare wachte op in wichtich rapport fan in psychiater.

Al earder oppakt

De rjochtbank hat in fersyk ôfwezen om de fertochte frij te litten om te behanneling ôf te wachtsjen. Yn 2012 stie de man ek foar de rjochter, doe fanwege frijheidsberôving en ferkrêfting fan twa prostituees yn in loads yn Fryslân en op in yndustryterrein yn Grins. Doe krige hy fjouwer jier sel, mar yn heger berop waard hy dêr yn 2013 wer fan frijsprutsen.

Trefwurden: 
rjochtsaak Haule sededelikt
(advertinsje)
(advertinsje)