Itzhak de Laat: "Het is tijd voor de 'fuck it'-mentaliteit"

25 okt 2019 - 09:27

"Ik heb niet zulke coole verhalen als Sjinkie, maar ik heb wel een hele goede zomer gehad", sa strielet Itzhak de Laat fuort syn selsfertrouwen út. De Ljouwerter shorttracker is yntusken 25 jier en op Sjinkie Knegt nei de bêste yndividuele shorttracker fan Nederlân, mar hy sit ek al jierren tsjin de wrâldtop oan. En dat moat dit seizoen oars. Dizze wike stelt Omrop Fryslân jimme foar oan de sân Fryske shorttrackers, dy't meidogge oan de wrâldbekers. Dizze freed diel 5: Itzhak de Laat.

"De zomer ging goed. Lekker getraind, twee goeie wedstrijden gereden als warming-up. Ik ben wel happy." It liket wol as oft Itzhak de Laat him foarnaam hat posityf dit ynterview yn te gean. De bliidskip en it selsfertrouwen spat der ôf. "Ik denk dat ik op de goede weg ben iets te doorbreken." De Laat doelt dêrby op it heljen fan A-finales.

"Vorig seizoen haalde ik veel van die klote B-finales. Het frustreert me wel dat ik dat dan net niet waarmaak. Maar ik ga het nu over een andere boeg gooien. Ik ga meer initiatief tonen." De Laat wol mear op kop ride. Hy is neffens him rapper wurden en hat mear fertrouwen it sels ôf te meitsjen. "Ik denk dat ik nu ook op kop kan gaan rijden en het kan afmaken. Niet afwachten. Niet passief zijn. Ik weet nu dat ik het zelf ook kan doen. Het keyword is meer initiatief tonen. Dat is een goeie voor op de koelkast."

Foto: Orange Pictures

"Met een paar medailles ben ik wel happy", sa einiget De Laat it petear. No ja, it giet ek noch efkes oer dy oare hobby. Neist it harkjen nei metal muzyk, ûntwerpt De Laat de helms fan oare reedriders. "Daar ben ik in de zomer ook mee bezig geweest, ja. Ik vind het leuk helmen zelf te ontwerpen. Dat gooi ik dan op social media en dan denkt de hele wereld dat ik naast shorttracken me alleen maar bezighoudt met helmen maken, hahaha."

  • Namme: Itzhak de Laat
  • Bertedatum:13-06-1994
  • Berteplak: Ljouwert
  • Wenplak: It Hearrenfean
  • Hichtepunt: Wrâldkampioen mei de relay-ploech (2017), Europeesk kampioen mei de relay-ploech yn 2017 en 2018
  • Instagram: @itzhakdelaat
Trefwurden: 
shorttrack Itzhak de Laat
(advertinsje)
(advertinsje)