Kollum: "Lêsleed"

25 okt 2019 - 08:40

"Begjin dizze moanne hat de berneboekewike west en de reden wêrom't ik it der no noch oer ha, is troch in stikje dat ik dizze wike lies. It gong deroer dat it tige wichtich is om bern foar te lêzen en dat it sa leuk is om te dwaan, ensafh.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

It sil allegear wol, mar wy ha fjouwer bern en dêr't we by de earste twa yndied in soad wille oan boekjes en foarlêzen belibbe ha, wie it mei de beide jongsten in drama. Ik gong gauris mei harren nei de boekhannel en dan mochten se in boekje útsykje. Dat diene se braaf, mar it bleau yn 'e kast. Wy hawwe der op ús manier alles oan dien, mar neat holp.

Gesellich jûns foarlêze wie in desyllúzje, want dêr hiene se gjin geduld foar. En dêr't ús âldsten letter sels ek noch in protte lêzen ha, diene de jongsten leaver wat oars. We hiene boeken by de fleet, mar it joech allegear neat. Se rûnen op skoalle ek wat achter, dus lêze bliksem en wy moasten thús ek oan 'e gong.

Dat naaide der op it lêst sa út, dat Jelle op in jûn sawat ien yn 'e hâldgreep hie doe't er ûntsnappe woe. 'En no lêze!', rôp er. Dat wie foar my de drip. Net om Jelle, hear, want ik koe syn aksje goed begripe. Wy diene beide o sa ús bêst, mar de frustraasjes rûnen allinnich mar heger op.

Doe ha ik op skoalle oanjûn dat wy dit gefjocht thús net mear oangean woene. Ik ha de boeken yn 'e hoeke smiten en in cd-spiler kocht mei in ferskaat oan foarlês-cd's. As de mantsjes jûns op bêd giene, sochten se in ferhaal út en dêr foelen se op yn 'e sliep. Dit fûnen se wol leuk en it gedonder mei de boeken wie oer.

Wy ha se úteinlik teste litten en se wiene beide dyslektysk. Doe foel it kwartsje en ik hie der spyt fan dat we dat net earder dien hiene. Wêr't ik ek spyt fan ha, is dat wy net earder ynseagen dat we fout dwaande wiene mei dat gedram oer it lêzen. Mar ja, wolst it graach goed dwaan en as se sizze dat dit de manier is en dat it nedich is, dan besikest dochs wat.

Bern dy't neat oan lêzen fine, MOATTE ornaris lêze want oars binne de skoares te leech. En wylst se bêst wol lêze kinne, op har eigen tempo, ferdwûn by dy fan ús alle wille en spontaniteit, dus in boek wie op it lêst in fijân. En dat begruttet my ta de teannen út, want ik fyn dat wy as âlden, mar ek it skoallesysteem, dêr skuldich oan binne.

Doe't ik letter in kear âlde filmkes beseach fan in pakjesjûn by ús thús, krige ien fan de mantsjes in Jentsje-boekje. Hy wie dolentûsjast doe't er it pakje krige en it papier der om wei skuorde, mar doe't er seach dat it in boekje wie, smiet er it drekt yn 'e hoeke fan 'e keamer. Eins hiene wy it doe al witte kinnen.

Hartstikke aardich, hear, sa'n berneboekewike mar net foar elkenien. Sjoen nei myn eigen, tink ik dat guon bern dêr allinnich mar ûngelokkich fan wurde. En ast ynsjochst hoe't it wurket by immen mei dysleksy, dan snap ik dat wol. Ien fan ús jonges hat letter nochris in Davis-dysleksy training hân en dêr ha ik ek in soad fan leard.

Mar ik ha it measte leard fan de fouten dy't we makke ha en sil sadwaande noait wer in boek by in bern troch de strôt triuwe."

(advertinsje)
(advertinsje)