Gemeentebelangen ropt om mear beammen yn Ljouwert

25 okt 2019 - 08:16

De Ljouwerter partij Gemeentebelangen wol yn fjouwer jier tiid tûzen ekstra beammen yn Ljouwert plante ha. Neffens de partij soenen beammen wat dwaan kinne oan de problemen mei CO2, stikstof en mooglike wetteroerlêst yn de takomst.

Foto: Omrop Fryslân, Dieuwke Kroese

Fraksjefoarsitter Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen fynt dat der noch in soad plak is foar beammen yn Ljouwert. De partij hat konkrete foarstellen dien foar it plantsjen. Yn earsten wolle se ekstra beammen by nijbouplannen ha. Foar elk nij hûs moat de gemeente dan ien beam plantsje en dat binne der yn fjouwer jier al seishûndert.

De gemeente soe foar skoallen en pjutteboartersplakken beammen finansierje kinne. As se it ûnderhâld sels dogge, dan hoecht dat net djoer te wêzen, tinkt Jacobse. "Ik heb het even op internet opgezocht en een boom kost gemiddeld maar 65 euro."

Gemeentebelangen wol de plannen besprekke mei de gemeenteried as dy oare moanne oer de begrutting prate sil.

Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)