Apollo Amsterdam ek te sterk foar Aris

24 okt 2019 - 22:31

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn ferlern fan hikkesluter Apollo Amsterdam. Yn de haadstêd giene de Ljouwerters mei 80-68 ûnderút.

Foto: Omrop Fryslân

Aris stie nei it earste kwart mei 23-12 efter. De Ljouwerters besochten dêrnei tichterby te kommen, mar ik ferskil waard nea lytser as sân punten, wêrtroch't it 80-68 ferlies net foar te kommen wie.

Samuel Idowu skoarde achttjin punten foar de Ljouwerters. Dat wie net genôch om topskoarer fan de wedstriid te wurden, dy eare gong nei Apollo-debutant Xavier Cannefax.

Ranglist

It is al it fiifde ferlies foar Aris dit seizoen. Alinnich tsjin Leiden waard in reglemintêre oerwinning boekt, wêrtroch't de Ljouwerters mei twa punten achtste stean.

Sneon spilet Aris thús tsjin Donar út Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)